Nieuws

Bring de keatsers by it keatsen yn Goaiingea

 

‘Bring de keatsers by it keatsen’ yn Goaiingea
Sneon 1 juny organisearret de federaasje Snits ‘Bring de keatsers by it keatsen!’ De bêste keatsers fan Fryslân komme dizze dei nei Goaiingea.
 
Programma:
10.00 oere federaasje keatsen foar de jeugd
10.00 oere iepen ôfdielingswedstriid federaasje Snits mânlju en froulju
10.00 oere federaasje keatsen t.i.l. senioaren (mânlju/froulju mingd)
14.00 oere haadklasse mânlju en haadklasse froulju útnoeging
19.00 oere live muziek mei de Legeanster band ‘Off on the road’
 
 
Eltsenien is wolkom en de tagong is fergees!
 
 
Talochting op it programma
‘Bring de keatsers by it keatsen!’ is in inisjatyf fan alle keatsferieningen fan de federaasje Snits en wurdt dit jier foar de tredde kear keatst. Doel is om op deselde dei, yn itselde plak, in keatspartij te organisearjen foar al ús federaasje keatsers (jeugd en senioaren) mei derneist in haadklasse partij mânlju en froulju útnoeging. 
De kommisje fan  ‘Bring de keatsers by it keatsen’ bestiet út: Reindert Oosterbaan (De Lytse Stuit, Skearnegoutum), Coos Veltman (k.v. de Boppeslach, Hommerts Jutrijp), Arjen Hettinga (Yn ‘e Lijte, Folsgeare), Sjoerd Kooistra (kf De Lege Geaen, Goaiingea), Thijs Bijma (kf De Lege Geaen, Goaiingea) en Bouke Poelsma (Reahûs-Turns)
 
Federaasje keatsen jeugd
De jeugd keatst trije kear. De keatsers mei de measte earsten foar en minste tsjin falle yn ‘e prizen. De organisaasje fan de jeugdpartij op dizze dei is dit jier yn hannen fan keatsferiening de Boppeslach fan Hommerts Jutrijp.
 
Iepen-ôfdielingswedstriid federaasje Snits
Foar de senioaren is der dit jier in iepen-ôfdielingswedstriid mei in klasse foar de mânlju en in klasse foar de froulju. Der wurdt keatst mei in grutte bal.
In iepen-ofdelingswedstriid hâldt yn dat keatsers útkomme meie foar in feriening dêr’t se lid fan binne (en dus net alinne op basis van de postkoade). Bygelyks: in keatser út Grou dy’t lid is fan KF DLG mei foar Goaiingea útkomme.
Ferienings meie meardere partoeren opjaan. Der moat fansels keatst wurde yn de ofdielingsklean fan de feriening dêr’t in partoer foar útkomt.
Keatsers dy’t net yn oanmerking komme foar de ôfdielingspartoeren (of net wolle), kinne meidwaan mei it troch elkoar lotsjen.
We witte net hoe let dizze klassen los gean; dit hinget of fan de dielname by de jeugd. Freed 1 juny wurde dizze tiidstippen bekend makke op de website www.kfdlg.nl
De organisaasje van it federaasje keatsen foar senioren op dizze dei is dit jier yn hannen fan keatsferiening Nije Moed út Drylts
 
Tagong haadklasse fergees / ferloting mei mooie priizen
Der wurdt in grutte ferlotting organisearre mei in protte moaie prizen. Dizze prizen wurde oanbean troch sponsors (der sit sels in i-pad by!).
Op de kompetysjejûn wurde by de keatsferienings fan de federaasje Snits lotten ferkocht. Fansels wurde d’r sneon 1 juny op it keatsfjild sels ek lotten ferkocht.
 
Ferrassend en nijskjirich
Graach wolle we ek ferassend wêze en bliuwe. Miskien kin dat troch it lotsjen fan de haadklasse de deis sels op it fjild te dwaan. Of de kening fan de haadklassepartij op basis fan de measte sms-berjochten út te roppen. Oft it slagget, dat is de fraach, mocht dat sa wêze dan heare jim it grif. Nijsgjirrich nei ‘Bring de keatsers by it keatsen’? Sjoch op www.kfdlg.nl en/of folgje ús op Facebook: Bring-de-keatsers-bij-t-keatsen

terug naar het nieuws overzicht