Ledenpartijen verslagen

Nachtkeatsen in Drylts proai foar partoer Bakker

Drylts, mei in acht partoeren op ‘e list waard de nachtkeatspartij fan Nije Moed op it Frisiaplein verkeatst. De lêste twa partijen fan de earste omloop winne spannend, en waarden beide pas op 5 – 5 6 -6 beslist. De winners fan dizze partijen de partoeren fan Siebe van der Wal, Lammert Miedema en Arendje Bergstra. En dat fan Jelmer de Boer, Sietse de Vries en Hiltsje Dotinga, kamen sa tsjin elkoar te stean in de heale finale. Ek dizze partij soe pas op 5 – 5 beslist wurde. It lêste earst gong do op 6 – 2 nei it partoer fan Jelmer de Boer. De oare finalist it partoer fan Tjerk Bakker, Evert Schreur en Anna Bergstra. Hie minder moaite om in de finale te kommen. Ja wisten beide partijen te winnen op 5 – 2. De finale soe in moaie partij wurde, mar op 5 – 3 en 6 - 6 wie it partoer fan Tjerk Bakker dochs de sterkste. Tjerk Bakker waard útroppen ta kening fan de partij.

Útslach.
1e Tjerk Bakker (kening), Evert Scheur en Anna Bergstra
2e Jelmer de Boer, Sietze de Vries en Hiltsje Dotinga

terug naar het overzicht