Ledenpartijen verslagen

Wapen van IJlst nachtkaatsen

Duo Boorsma en Wiersma net te stuitsjen mei it nachtkeatsen
Drylts, mei in krappe acht partoer op e list wie de lêste bûten partij fan Nije Moed op it Frisiaplein útein set. It partoer fan Johan Boorsma en Auke Wiersma wie mei mar trije tsjin earsten yn de finale kommen. Dus as grutte favoryt koene sy oantree foar de krâns. De oare finalist so it partoer fan Sytze Bram de Witte, Sietse de Vries en Abe Zijsling wurde. Sy hinne wat mear muoite der mei om it finale plakje feilich te stellen. Beide partijen warden pas op 5 – 4 6 – 6 wûn. Yn de finale wie it partoer fan Boorsma wat fut en deadlik by de les wie en in romme foarsprong makke. Mar Sytze Bram en syn maten pakten de tried op en kamen werom. It waard trije earsten gelyk, mar Johan en Auke lieten dernei net mear de siis fan de bôle ite en pakten mei 5 - 3 6 – 2 de winst. Troch dizze lêste twa earsten ward de kar foar de keningscommissie wat ienfâldiger. Want beide wiene einliks mei inoar ek nôch yn stried om de keningstitel. Mei in lyts verskil yn punten wie it Johan Boorsma wa at de beker in ier lang op de skoarstien mantel mei him hawwe te pronkjen.


Utslach.
1e Johan Boorsma (Kening) en Auke Wiersma
2e Sytze Bram de Witte, Sietse de Vries en Abe Zijsling

terug naar het overzicht