Ledenpartijen verslagen

Damstrapartij winst foar neefkes en âlde rûtinier.

Easthim, mei yn list fan 9 partoeren wurde snein 16 july de Damstrastucpartij yn Easthim wer ferkeatst. De lotting wurde wer op it fjild dien en dat joech verrassende partoeren op. Der wurde oer de hiele dei spannend keatst. Mar lefst trije partijen einigen yn 5 – 5 6 – 6. Sa ek de heale finale fan de winners. Tusken de partoeren fan Justin van Dijk, Mike van Dorsellaar en Jeroen de Vries. En dat fan Jelmer de Boer, Sytze Bram de Witte en Feite Damstra. Troch in misser van Mike kaam it partoer fan Jelmer in de finale. Der troffen se Ijsbrand Dijkstra, Bouke Sikma en Marten Zijlstra. Dizen hinne in de heale finale yn steand nûmer hân. Mar ja koene it net risse in de finale en de útslach is wol wat fertekene mar Jelmer en syn maten woene dizze partij op 5 – 1 6 – 6. De finale fan de verliezers gong tusken de partoeren fan Germ Wijnja, Tjitze Dotinga en Ilona Huitema en dat fan Nico de Boer, Bart Schuurmans en Auke Wiersma. De lêsten hiene de hiele dei nôch gjin knikker rakke en de finale hold ek net oer. Mar dochs op 5 – 3 6 – 0 wisten ze dit te winnen.

De útslach wie as folget.

1e Jelmer de Boer, Sytze Bram de Witte en Feite Damstra
2e IJsbrand Dijkstra, Bouke Sikma en Marten Zijlstra

1e verl. Nico de Boer, Bart Schuurmans en Auke Wiersma

terug naar het overzicht