Ledenpartijen verslagen

Partoer Bakker suksesfol op Zijslingbaggerpartij

Jutrijp, mei in prachtige list fan 14 partueren sette de Zijslingbaggerpartij yn de Jutrijp ut ein. Op it fjild wiene 7 perken dellein, sadat in elk gelyk oan de bak koe. Yn de winnaarsronde wiene de partueren fan Tsjerk Bakker en Joop van der Goot. En dat fan Piter Talsma, Siebo Zijsling en Auke Wiersma kommen. Beide hiene in swiere heale finale hân, it partuer fan Bakker hie dizze 5 – 4 wûn. En Piter en syn maten hiene de winst op 5 – 5 nei him ta sleept. Ek de finale soe spanning bringe en de partueren wiene oan elkoar weage. Pas op 5 – 4 en 6 – 2 wist it partoer fan Bakker de partij yn har foardiel te beslissen. Ek de partueren fan de ferliezersronde hiene in swiere heale finale hân. Owb Wyn, Suus Hettinga en Klaas Jan Rijpma wisten op 5 – 5 de treastfinale te berikken. En it partuer fan Reinder Boschma, Jan Elzinga en Marten Zijlstra mei wat minder muoite 5 – 3 in finale plak. Wat har gelyk ek yn de favorieten rol sette. Lykwols dit mocht net sa wezze. Owb en syn maten hiene totaal gjin meilijen mei har tsjinstanners en joegen har gjin earst en mei 5 – 0 6 – 6 wie it dien. ûnder it genot fan in hapke, drankje en fjoerkorf bleau it noch lang gesellich op it terrein fan Zijsling.

útslach.
1e Tsjerk Bakker en Joop van der Goot
2e Piter Talsma, Siebo Zijsling en Auke Wiersma

1e ferl. Owb Wyn, Suus Hettinga en Klaas Jan Rijpma
2e ferl. Reinder Boschma, Jan Elzinga en Marten Zijlstra

terug naar het overzicht