Ledenpartijen verslagen

Sikmapartij yn Easthim

Ôfbouwer en baggeraars winne Sikmapartij yn Easthim
Easthim, mei de Sikmapartij is it ledepartij seizoen fan keatsferiening Nije Moed út Drylts iepene. Moai in moaie list fan tsjin partoeren kin der ûnder in moai sintsje keats wurde. De heale finales gong tusken de partoeren fan Douwe van Slooten, Siebo Zijsling en Cor Zijsling. En it partoer fan trije keningen. De âld PC kening Johannes Dijkstra, de installatie kening Hans Sikma en de turn kening fan Drylts Lieuwe Bergstra. Mar de lesten koene it net risse tsjin it partoer fan Van Slooten. En se ferlearen de partij op 5 – 2 en 6 – 4. De oare finalisten kamen troch in steand nûmer in de finale. Dit wie it partoer fan Jelle van der Velde, Tjitze Dotinga en Jelco Sikma. En dizze partoeren soenen der in spande finale fan meitsje. Mar op 5 – 4 6 – 2 wie it partoer van Van Slooten dochs de winner. De verliezers finale gong tusken de partoeren fan Peter van der Goot, Douwe Andela en Auke de Jong. En dat fan Tjerk Bakker, Bouke Sikma en Jantje Rijpma dit wie dus de kriich om de Wc brillen. Altyd wer fel begeare. It partoer Bakker woe dizze graach hawwe dat lei der dik op, en ja wûnen de partij op 5 – 1 en 6 – 0. De fierste boppeslach bij de mâljei wie foar Jelle van de Velde. En Anita Kant us nije lid naam de fierste boppeslach fan de froulju foar har rekken.

Ûtslaggen:
1e Douwe van Slooten, Siebo Zijsling en Cor Zijsling
2e Jelle van der Velde, Tjitze Dotinga en Jelco Sikma

1e verl. Tjerk Bakker, Bouke Sikma en Jantje Rijpma
2e verl. Peter van der Goot, Douwe Andela en Auke de Jong

terug naar het overzicht