Ledenpartijen verslagen

Wûnderbaarlike ontsnapping op de Damstrastucpartij

Easthim, mei in list fan 9 partoeren waard de Damstrastucpartij in Easthim verkeatst. De measten hinne nôch lytse eachjes fanwege de fuotbal wedstriid fan Nederlan de jûns fan te foaren. Mar hoe mear de middei foardere waard foar de measten it sicht better. It wiene de partoeren fan Douwe van Slooten, Rijkel Dotinga en Minne Zijlstra. En dat fan Wouter van der Goot, Bart Schuurmans en Feite Damstra. Hokker in de finale komme soene. De lesten, it partoer fan Wouter van der Goot. Sloechen furt en dalik ta. Ferskillende kearen pakten se op 6 – 6 it earst. En sa kamen se foar op 5 – 1. En it wie stil oan de kant fan it partoer fan Van Slooten. En dat waard hun ek wol dúdlik makke troch hun tsjinstanders. Mar wie it soms om de krêften te sparjen foar it keatsen? En dat soe ek sa ut pakke. Ja lieten hun mûle net mear sprekke mar de bal. En earst foar earst krûpten se tichter by. Earder wie der in man die Houdini jitte en net te leauwen untsnappings die. Mar no wie dat it partoer fan Van Slooten, se kamen wer werom. En der oer hinne en op 5 – 5 6 – 4, koene se foar de tinte fan Frou Damstra de krânsen yn ûntfangst nimme. Yn de ferliezers ronde hie it partoer fan Justin van Dijk, Elisabeth Flapper en Oege Damstra. Net safolle moaite mei it partoer fan Jelle van der Velde, Jan Teade Nauta en Rene Sybrandy. De lesten hinne derfoar noch in drege partij wûn op 5 – 5 6 – 6 mar koene it in de ferliezersfinale net noch in kear herhelje. Se ferlearen op 5 – 2.

Utslach.
1e priis Douwe van Slooten, Rijkel Dotinga en Minne Zijlstra
2e priis Wouter van der Goot, Bart Schuurmans en Feite Damstra

1e ferl. Justin van Dijk, Elisabeth Flapper en Oege Damstra

terug naar het overzicht