Ledenpartijen verslagen

Marco Damstra baggert in 21 jier âld trauma fan him ôf

Jutryp, de keatsers fan Nye Moed hiene dizze kear harren pylken rjochten op de Jutrijp. Dit mei de Zijslingbagger partij op it fjild by de Zijslings. Mei in geweldige list fan 13 partoeren waard der moai keatst. Yn de finale wie it partoer kommen fan Marco Damstra, Lieuwe Bergstra en Marjan Jansma. En yn dy finale soe Marco ôf rekkenje met twa trauma’s. It oare partoer wie dat fan Douwe van Slooten mei syn twa fjoervretende froulju Wiepie Oppedijk en Mandy. Sa at ik al skreaun wienen der wat haken en eagen oan dizze finale. It wie nammentlik al 21 jier lien dat Marco yn krâns wûn hie. En hy hie nôch nea in finale fan Douwe wûn, en der soe hjoed veroaring in komme. Marco en syn maten paken it fuort goed op. En runen ut nei in 5 – 1 voorsprong. Nôch fjouwer punten kamen se fan de oerwinning ôf. Nôch twa slaggen ropte der. Mar dat waarden der in pear mear. Douwe en syn froulju pakten punt foar punt. En sa waard it nôch 5 – 5, mar it lêste earst wie dochs op 6 – 0 foar it partoer fan Marco, Lieuwe en Marjan. De ferliezersfinale gong tusken de partoeren fan Wouter van der Goot, Arjen Talsma en Brecht van der Vught. En dat fan Rene van der Veen, Siebo Zijsling en Eelke van Netten. Hjir wie it partoer fan Wouter, Arjen en Brecht wat de partij op 5 – 3 6 – 4 soe winne.
Utslach.
1e Marco Damstra, Lieuwe Bergstra en Marjan Jansma
2e Douwe van Slooten, Wiepie Oppedijk en Mandy

1e ferl. Wouter van der Goot, Arjen Talsma en Brecht van der Vught
2e ferl. Rene van der Veen, Siebo Zijsling en Eelke van Netten.

terug naar het overzicht