Sikmapartij in Oosthem
Heit en soan stride om de priis op de Sikmapartij yn Easthim
Easthim, wat ha bearenburch en wc brillen gemien sille minsken wol tinke. No de leden fan keatsferiening Nije Moed ut Drylts witte dat wol. Dat is de Gebr. Sikma installatietechniek partij yn Easthim. Mei dit jier in prachtige list fan 14 partoeren ûnder ien moai sintsje en natuerlik de barbecue by it tintsje. Sa begûn it wedstriid seizoen fan Nije Moed, op pinkstersnein. As earste wie it partoer fan Nico de Boer, Lieuwe Kampen en Wiepie Oppedijk wat ien de finale komme troch in 5 -4 6 – 4 oerwinning op it partoer fan Sjouke Stapersma, Rijkel Dotinga en Peter Thiescheffer. De oare finalist kam út de partij tusken Jelmer de Boer, Rudy Bosma en Hendrik de Leeuw en dat fan Douwe van Slooten, Tjipke Hibma en Tjitske Vellinga. Het wie it partoer fan Jelmer de Boer wat op 5 – 3 6 – 0 dizze partij wisten te winnen. Dus it partoer fan Jelmer moast in de finale tsjin it partoer fan syn heit. De finale soe iensidich begjinne it partoer fan Nico kam op in skine fiif earsten foar sprong. Do wie it trije kear op 6 – 6 dat Jelmer en syn maten it earst wisten te pakken. Mar de efterstân wie dochs te grut en op 5 – 3 6 – 0 wie it dien. De finale fan de ferliezersronde gong tusken de partoeren fan Pieter Talsma, Jurjen de Jong en Cor Zijsling. En dat fan Bart Schuurmans, Douwe Andela en Floris Bottema. De lêsten soene dizze partij winne mei 5 – 2 6 – 4. En zij mochten de wc brillen in ontfangst nimme. De fles bearenburch foar de fierste boppeslach bij de mannen wie foar Tjerk Bakker en bij de froulju wie dy foar Siebo Zijsling.
Útslach
1e Nico de Boer, Lieuwe Kampen en Wiepie Oppedijk
2e Jelmer de Boer, Rudy Bosma en Hendrik de Leeuw
Ferliezersronde
1e Bart Schuurmans, Douwe Andela en Floris Bottema
2e Pieter Talsma, Jurjen de Jong en Cor Zijsling