Damstrastucpartij yn Easthim
“Alde”Garde wint de Damstrastucpartij yn Easthim.
Easthim, mei dit jier wat suterich waar wie it al de 20e kear dat de Damstrastucpartij ferkeatst waard. De lêste jierren al wer werom op it âlde plakje yn Easthim. Dit kear mei in 8 partoer op é list. Dit kaam moai ut want sa koe der troch elzen ien ek troch keats wurde. Spannende partijen warden wat au wiksele troch iensidige partijen. Mar wol in spannende partij wie dy tusken de partoeren fan Douwe van Slooten, Bart Schuurmans en Feite Damstra. Tsjin dat fan Tjerk Bakker, Tjitze Dotinga en Menno de Jong yn de heale finale. It partoer fan Bakker hie de winst foar it griepen mei 5 -4 foar mar it slagge net en se winne brutsen it lêste earst ward mei 6 -0 pakt troch Douwe en syn maten. De oare finalist wie it partoer fan Marco Damstra, Rijkel Dotinga en Lieuwe Bergstra sy wûnen mei 5 -2 6 -6 fan it sterke partoer fan Wouter van der Goot, Klaas Jan Rijpma en Jelle van der Velde. Yn de finale noam it partoer fan Van Sloten fuort in grutte voorsprong mar Marco en syn maten kamen wat let op gong. Mar se wisten dochs op 5 earsten gelyk te kommen. Mar it mocht net genôch wêze, partoer Van Slooten pakte de tried dochs wer op en op 6 – 2 pakten sy de winst. De ferliezersfinale gong tusken de partoeren fan Jelmer de Boer, Hans Sikma en Peter Thiescheffer en dat fan Nico de Boer, Bauke Sikma en Sytze Bram de Witte. Dizze partij gong gelyk op mar op 5 – 4 en 6 – 0 wist it partoer fan de Boer senior it dochs ut te meitsjen. Foaral de opslach fan Sytze Bram hie se goed yn it sadel holpen. En dat ward ek troch in els wol sjoen dat de jeugd wa goed fertsjinwurdige wie op dizze partij ek goed mei keatsen wie, in grutte plom foar haren. Dus de “Alde” garde wûn hjoed noch mar de jongerein leit op ‘e loer. Dernei yn it tintsje fan frou Damstra wei it wer alderwetsk gesellich nettsjinsteande it waar. It moaie wie ek noch dat frou Damstra it skrift no fol hat, mei 20 jier by hâlden drankjes en hapkes op dizze partij. Fierder hiene Feite en Marco nôch in pear drûge woarsten foar elke keatser sa dat elzen ien ek mei wat nei hûs ta gong.
Utslach.
1e Douwe van Slooten, Bart Schuurmans en Feite Damstra
2e Marco Damstra, Rijkel Dotinga en Lieuwe Bergstra
Ferliezersronde.
1e Nico de Boer, Bauke Sikma en Sytze Bram de Witte
2e Jelmer de Boer, Hans Sikma en Peter Thiescheffer