Ledenpartijen verslagen

Zijslingbaggerpartij yn de Jutrijp

Opslach fan Anita Kant basis foar de oerwinning op ‘e Zijslingbaggerpartij


Jutryp, mei in prachtige list fan 14 partoeren waard ûnder werklik geweldige waarsomstannichheden de Zijslingbaggerpartij verkeast yn de Jutrijp. Wer it oars it dekôr is fan ronkjende disels fan bagger boaten wie no it lawaai fan de keatsers wat der te hearren wie. It partoer fan Nico de Boer, Sjors Ties en Lisa Huitema wiene de earste wa de finale hellen troch in oerwinning fan 5 -3 6 – 6 op it partoer fan Wouter van der Goot, Teade Huitema en Wiepie Oppedijk. It partoer fan Bart van Kalsbeek, Folkert Groenveld en Lieuwe Bergstra koene it yn de oare heale finale net rede tsjin it partoer fan Hans Sikma, Anita Kant en Rijkel Dotinga. Yn de finale gong it partoer fan Hans Sikma nei winst op 6 – 6 yn it earste earst hurd troch nei de oerwinning. Foaral de opslach fan Anita sette de gong der yn. By stien troch twa tûke keatsers Hans en Rijkel yn it perk wine sy it slettenste partoer. En se wisten dan ek de partij ienfâldich te winnen mei 5 – 1. Yn de finale fan de ferliezers stie de titel ferdigenjer fan ferline jier Marco Damstra mei syn maten Tjipke en Rene Sybrandy tsjin dat fan Johan de Boer, Douwe Zijsling en Peter Thiescheffer. De lêsten koene it krekt net oprêde en sa wûnen Marco en syn partoer de ferliezersfinale.

Utslach.
1e Hans Sikma, Anita Kant en Rijkel Dotinga
2e Nico de Boer, Sjors Ties en Lisa Huitema

1e ferl. Marco Damstra, Tjipke en Rene Sybrandy
2e ferl. Johan de Boer, Douwe Zijsling en Peter Thiescheffer

terug naar het overzicht