Ledenpartijen verslagen

Paella bringt Spaanse temperaturen nei Sikmapartij yn Easthim

Easthim, mei yn prachtige list fan 13 partoeren is it wedstriid seizoen fan Nije Moed útein set. Op in kreas meant fjild yn Easthim koene de earste 10 partoeren gely k los foar de striid om de krâns. In de finale kamen de partoeren fan Marco Damstra, Tjitze Dotinga en Sytze de Vries. Tsjin dat fan Hendrik Jan van der Velde, Ate de Jong en Floris Bottema. It partoer fan Van der Velde soe der gjin gers oer groeie litte en sette it partoer fan Damstra gelyk ûnder druk. En pakten fuort en daliks troch. Dochs pakte it partoer fan Damstra mei in skjinne 4 earsten efterstân noch in boardsje. Mar op 5 – 1 6 – 6 wie it dochs it partoer fan Van der Velde wat oan it langste ein luts. Yn de ferliezersfinale wie it de partoeren fan Tjerk Bakker, Jurjen de Jong en Auke Wiersma. Dat it tsjin it partoer fan Nico de Boer en Rudy Bosma op nimme moasten. Nei 2 – 2 gong dochs it partoer fan Bakker der fan troch en it waard noch 5 – 3 mar mei it lêste earst op skjinne 6 wie it oer foar it partoer De Boer. En sa wiene Tjerk Bakker, Jurjen de Jong en Auke Wiersma de winners fan de Sikma WC brillen. De flesse bearenburch foar fierste boppeslach bij de mannen wie foar Owb Wind. Wat oft in bal tusken de hynders sloech. By de froulju wie it Joutsen Okkema wa oat de fierste boppeslach by de froulju hie en sa mei de flesse beerinneburg der fan troch gie. Nei it keatsen wart der Paella makke wat goed foel yn de hongerige magen fan de keatsers en belangstellenden.

Utslach
1e Hendrik Jan van der Velde, Ate de Jong en Floris Bottema
2e Marco Damstra, Tjitze Dotinga en Sytze de Vries

Ferliezersronde
1e Tjerk Bakker, Jurjen de Jong en Auke Wiersma
2e Nico de Boer en Rudy Bosma

terug naar het overzicht