Ledenpartijen verslagenPartoer De Boer wint Damstrasctuc partij yn Easthim.
Easthim, maaie in moaie list fan 8 partoeren waard de Damstrastuc partij wer verkaatst yn Oosthem. De waarfoarsizzingen wiene net geweldich, mar de buien lutsen moai om ús hinne. Allinne yn de finale in pear dripkes mar foar de rest prachtich keats wer. Yn de finale wiene kommen as earste it partoer fan Jelmer de Boer, Bouke Sikma en Germ Wijnja. Sy wisten yn de heale finale it partoer fan Marco Damstra, Karin Ebbinge en Erik Wijnja mei 5 – 2 te ferslaan. It oare partoer waard it partoer fan Wouter van der Goot, Hans Sikma en Sytze Bram de Witte. Sy wisten mei 5 – 3 te winne fan Tsjerk Bakker, Rijkel Dotinga en Peter Thiescheffer. Dus de twa bruorren Sikma tsjin inoar en de neven De Boer en De Witte. Omtrint in famylje partij. It partoer fan Jelmer pakte gelyk in foarsprong mar de oaren kamen werom oant 3 earsten gelyk. Mar troch in pripper fan Germ rekke Hans geblesseerd. En wie it partoer in skeakel kwyt, mar it Sytze Bram no by yn it perk moasten hja net wurde onderschat. Lykwols Wouter en syn maat koene it ritme net mear te pakken krije en wie op 5 – 3 6 – 4 de oerwinning foar Jelmer en syn maten. Yn de verliezers ek wol herkansingsronde neamd wiene de partouren fan Nick van Dosselaer, Wessel Hibma en Peter Kleinjan aktyf tsjin it partoer fan Justin van Dijk, Tjitze Dotinga en Dennis Damstra. Dit soe in ienfâldige oerwinning wurde foar lêst nimden op 5 – 1 6 – 4 wie dizze partij foar har. |