Ledenpartijen verslagenRudy Bosma grutte winner Oliebollenpartij
Drylts, tradisjoneel sleat keatsferiening Nije Moed it seizoen wer ôf mei de oliebollenpartij yn de sporthal. Der waard in individiuele kompetysje ferkeatst, in elk moast trije kear oan de startblokken ferskinen. En sa koene oan it ein fan de jûn de prizen foar de bêste A, B en C keatser ferdield wurde. Yn de A wiene it Wim Zijsling en Siebe van der Wâl hokker beide op 16 earsten foar wiene einige. Mar Wim hie yn it ûnderinoar treffe mei Siebe de winst behelle sadat Wim der mei de earste priis fan tusken gie. By de B wie de grutte en oeral winner Rudy Bosma, hy wist syn trije partijen allegearre mei winst ôf te sluten. Twadde waard dêr Auke Wiersma hokker 18 earsten by inoar hie slein. By de C wie it Lieuwe Bergstra hokker mei it fjoerwurk oan de helje gie, mei 16 earsten foar wist hy it dêr te winne. |