Ledenpartijen verslagenGebr. Sikmapartij by ’t soad striid yn Easthim
Easthim, mei in prachtige list fan 11 partoer sette op pinkstersnein de Sikmapartij wer ut ein yn Easthim. Dit kear wie der net fan te foaren lotte mar waard dat op it fjild dien. Dat brocht gelyk al spanning bij de lotting. En dat it ek prima koe wiisde de earste omloop gelyk ut. Allegearre spannende partijen. Dochs kaam der in skifting en sa wie it dat it partoer fan Wouter van der Goot, Jelle van der Velde en Addie van der Steen troch yn drege heale finale te keatsen yn de ferliezersfinale kamen. Der kamen se it partoer tsjin fan Douwe Andela, Tjitze Dotinga en Peter Thiescheffer. De partij soe net sûnder slach of stoot gjin en einige pas op 5 -3 6 – 6 yn it foardiel fan Van der Goot en syn maten. Jelle van der Velde brocht op it einde fan de partij it onmogelijke nei foaren om noch de fierste boppeslach te produsearjen. En sa de flesse bearenburch mei nei hús ta te nimmen. De grutte finale fan de winnaarsronde gong tusken de partoeren fan Douwe van Slooten, Auke Wiersma en Wiepie Oppedijk en dat fan Hendrik Jan van der Velde, Dennis Damstra en Jacob van der Velde. It soe net echt de finale wurde wer at it publyk op hope hie. Hendrik Jan en syn maten pakten boardsje foar boardsje. Hoe Douwe en syn maten ek hun best diene se krigen gjin grip op de partij. En sa wie it op 5 – 0 6 – 6 dat dizze partij dien wie foar Douwe en syn maten. |