Ledenpartijen verslagen

Sealkeatspartij bringt ferlit fjoerwurk yn de sporthal.

Drylts, 4 jannewaris waard de earste partij fan Nije Moed yn 2019 verkeatst.Normaliter is de lêste freed fan it jier dat de tradisjonele oliebollenpartij verkeatst wurdt yn de seal. Mar dat wie dit jier net it gefal, en waard utweken nei de earste freed fan it nije jier. In 10 tal keatsers hie de wei nei de sporthal fûn en sa koe der om sân oere start wurde. Om't it sealkeatsen op de woansdei jûnen gjin trochgang mear kin fine fanwege de dielname. Moasten de spulrigels sa no en dan efkes ophelle wurde út it grize massa. It partuer fan Nico de Boer, Hans Sikma en Dennis Damstra wisten alle trije de partijen te winne en sa de earste priis yn de wachtet te slepe. It partuer fan Marco Damstra en Rijkel Dotinga kaam pas de twadde partij op stoom. Neidat sy yn de earste omloop mei 5 – 4 6 – 4 ferlern hiene fan Nico, Hans en Dennis. Gunden hja it partuer fan Tjerk Bakker, Tjitze Dotinga en Lieuwe Bergstra mar 1 earst. En it partuer fan Bart Schuurmans en Jan Teade Nauta krige hielendal gjin boardsje oan de tillegraaf.

útslach.
1e Nico de Boer, Hans Sikma en Dennis Damstra
2e Marco Damstra en Rijkel Dotinga 

terug naar het overzicht