Ledenpartijen verslagen

Good Old Sikmapartij under prachtige omstannichheden in Easthim

Easthim, mei in moaie list fan 9 partueren sette ûnder in lekker sintsje gie de Sikmapartij fan start. It wie al gelyk spannend tusken de partueren 1 en 2, dat fan de bruorren Dotinga en Harm Jan Hagedoorn en dat fan Wouter van der Goot, Hans Sikma en Tjeard Wybrandi. Pas op 5 – 5 6 – 6 wist it partuer fan Wouter dizze partij te winne. Oer de hiele dei waard der gelyk op keatst. Der wie allinne 1 partij op 5 – 2 de oare partijen leine allegearre dichter by elkoar. De striid om de kransen soe gean tusken de partueren fan Nico de Boer, Bauke Sikma en Edward Kamphuis en dat fan Redmer Huitema, Auke Warsma en good old Peter Thiescheffer. It partuer fan De Boer koe de sterk keatsend Redmer Huitema goed omsiele. En sa op 5 – 3 6 – 0 de partij nei him ta lûke. De striid om de wc brillen gie tusken de partueren fan de jierrige Douwe fan Slooten, Teade Huitema en Jorrit Hofstra en dat fan Tsjerk Bakker, Jelle van der Velde en Rene Sybrandy. Lêst neamden koene in flinke achterstân fan 5 – 2 wer werom bûgje nei 5 – 5. Mar doe't wisten Douwe en syn maten it lêst earst op 6 – 2 te pakken. De flesse bearenburch foar Fierste Boppeslach wie mei oermacht foar Redmer Huitema.

Ûtslach
1e Nico de Boer, Bauke Sikma en Edward Kamphuis
2e Redmer Huitema, Auke Wiersma en Peter Thiescheffer

1e verl. Douwe van Slooten, Teade Huitema en Jorrit Hofstra
2e verl. Tjerk Bakker, Jelle van der Velde en Rene Sybrandy

terug naar het overzicht