Ledenpartijen verslagen

Oaljekoekenpartij 2014

Oaljekoeken fleagen wer troch de sporthal.

Mei it ferkeatsen fan de oaljekoekenpartij yn de sporthal is it seizoen foar Nije Moed ut Drylts wer au sluten. Der winne dit kear 13 keatsers nei de sporthal takommen om haren keunsten foar de lêste kear dit jier sjen te litten. Ek it âlde lottings doaske ward wer ut it stof helle. Krekt as de sealskuon fan Ludo wa al twa jier stof stien te happen. It wie wer sa dat er trije kear lotte ward en dat in els foar him sels keatste. It wie mei de A maten sa dat Tjerk Bakker alle trije partijen wist te winnen en sa dwaande earste waard. Durk van der Wal einige met 18 earsten foar op it twadde plak. Bij de B maten wie it Auke Wiersma wat met de heechste ear gong strikken. Dat moast ek wol want hij hie him in wike taret op dizze partij mei in trainings stage op it Amelan. It twadde plak waard kreas in nommen troch Sytze Bram de Witte mei 17 earsten foar ientsje minder as Auke. Bij de C maten wie it Cora Ietswaart wat met 17 earsten foar it earste plak op easke. Lieuwe Bergstra ien fan us trouwste seal leden ward mei 15 earsten twadde.

Utslag.

1e Tjerk Bakker, Auke Wiersma en Cora Ietswaart
2e Durk van der Wal, Sytze Bram de Witte en Lieuwe Bergstra

terug naar het overzicht