Ledenpartijen verslagen

Oliebollenpartij

Partoer Bakker pakt de priis maaie de Oaljekoekenpartij

Drylts, mei yn moaie list fan 6 partoer sette de lêste partij fan Nije Moed yn de seal útein. Der waard keatst yn twa puoltsje fan trije. Yn de earstepoule wie it partoer fan Jelmer de Boer, Germ Wijnja en Cora Ietswaart wa beide partijen wist te winne. En ja en op wat foar wize, beide kearen op 5 – 5 6 – 6. En ek noch beide kearen dat se sels as earsten op ‘e dea kamen tastean. Yn de oare poele wie it partoer fan Tjerk Bakker, Bauke Sikma en Rudy Bosma wa beide partijen wist te winnen. Dus de striid om de fjoerpylken koe beginne. Nei earsten gelike wie it partoer fan Bakker wat in 3 – 1 foarsprong naam. Jelmer en sin maten kamen noch werom ta 3 – 2 mar op 4 – 2 6 – 6 wie in opslach misser wat it partoer fan Bakker nei de fiif earsten holp. Jelmer en dy kamen noch op 5 – 3. Mar wer op 6 – 6 en no wie it Rudy Bosma wa oft in grouwe keats makke.
En dy koene de oaren net foarbij.


Utslach
1e Tjerk Bakker, Bauke Sikma en Rudy Bosma
2e Jelmer de Boer, Germ Wijnja en Cora Ietswaart 

terug naar het overzicht